Sportskoallen: Unbegryplik dat de oerheid gjin each hat foar 3 miljoen sporters

Sportskoallen wurde stelselmjittich fergetten troch it kabinet, fynt Jur Roemers fan sportskoalle Palestra yn Dokkum. It kabinet makket tiisdeitejûn nije coronamaatregelen bekend. Sa't it no liket, sit dêr gjin ferromming by foar sportskoallen. Dy bedarje hieltyd wer ûnderoan de steapel as it giet om it loslitten fan de strange coronaregels. De sektor buorket achterút en de leden fan de sportskoallen kinne al sûnt tiden net mear oan 'e kondysje wurkje.
Sportskoallen: Unbegryplik dat de oerheid gjin each hat foar 3 miljoen sporters
Sportskoalle Palestra yn Dokkum leit der ferlitten by. De apparaten yn de grutte iepen hal wurde net brûkt. Sa te sjen is der romte genôch om op oardel meter ôfstân faninoar te trainen. Mar in ferromming liket der tiisdei net yn te sitten en dat stekt Jur Roemers. Neffens him hat de sektor by de earste lockdown al in plan yntsjinne hoe't se feilich iepengean kinne soene. Dat plan leit yn it laad. Der wurdt neat mei dien.
It RIVM en wittenskippers lykas Erik Scherder sizze dat beweging goed is. Foar de kondysje, de ymmuniteit en tsjin oergewicht. Dat kin allegearre by de sportskoalle. Bûtendoar kuierje en fytse is wol leuk, seit Roemers, mar twa kear yn de wike yntinsyf sporte helpt pas echt. Dan giet de longkapasiteit en de wjerstân omheech.

Ryksjild foar libbensstylcoaches giet net nei sportskoallen

Minister Hugo de Jonge wol 200 miljoen besteegje oan libbensstyl-coaches. Dat jild giet dus net nei de sportskoallen. Wat fynt Roemers dêrfan? Moai dat der omtinken foar is, seit er. De lichaamlike kondysje is wat om goed om te tinken. Mar, hie it dan yn de mande dien mei de sportskoallen. Dêr binne it allegearre libbensstylbegelieders.
Sportskoalle Palestra yn Dokkum © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Yn Nederlân binne trije miljoen minsken lid fan in sportskoalle. Dy kinne dêr allegearre net hinne, no't de sportskoallen ticht binne fanwege corona. Weriepening op koarte termyn is net allinnich fan belang foar de sportskoallen, mar ek foar de minsken dy't oan de kondysje wurkje.

Net serieus naam

It docht Roemers sear dat de sportskoallen net serieus naam wurde. Sy sitte yn de reade sifers en moatte der jild op ta lizze om oerein te bliuwen.