Fryske badmasters yn de Haachske Hofvijver komme der mei in warskôging foar wei

23 feb 2021 - 12:30

"Sy hawwe it gewurde liten. Wy binne der mei in warskôging foar wei kaam", seit badmaster Bauke Beert Keizer fan Koarnjum nei syn ludike aksje. Hy lei mei in opblaasbere unicorn yn de Hofvijver yn Den Haag om omtinken te freegjen foar it swimûnderwiis. It wie noch spannend oft de aksje wol slagje soe, want by it Torentje fan de premier is in soad hanthavening.

Badmasters yn Hoffiver

Neffens Keizer stiet de swimfeiligens fan Nederlân op it spul. Hy fynt dat de swimlessen oant no ta fergetten wurde yn it coronabelied, wylst it wol tige wichtich is. "Wy hawwe in soad oandacht krigen fan de wâl ôf. Ek fan lokale en lanlike media, dus dat is hartstikke bêst. Wy seagen gjin minsken foar de ruten fan it Torentje. Mar wy binne as badmasters wol wend om oer it wetter hinne te roppen, dus neffens ús is it lûken fan de oandacht wol slagge."

Wachtsje op it goeie momint

It wie noch wol efkes wachtsjen op it goeie momint. "Doe't wy de parkeargaraazje út kamen, waarden wy fuort al sjoen. De plysje ried hieltyd mei buskes hinne en wer. Op in bepaald stuit ried in buske fuort en moast der wer in folgjend buske komme. Dat momint hawwe wy de unicorns pakt en doe binne wy de fiver op gien."

Keizer wurket as badmaster yn Sint-Nyk by 'MijnZwemschool Sint Nyk' en hy sprong it wetter yn mei badmaster Fons Groenewegen, dy't ûnder oare yn Beetstersweach, Drachten en Ljouwert swimles jout.

"Aksje is slagge"

"It wie kâld, mar it is goed gien", seit Keizer. "Wy mochten fan de hanthavening ús muzikale needgjalp hearre litte. En it ek ôfmeitsje. Dus wy binne op twa unicorns mei de gitaar de fiver op gien. De plysje stie der by. It gie ús fansels ek om de opskuor. Wy krije allegearre reaksjes fan minsken dat it yn it nijs west hat, en op de radio en op sosjale media. Dus neffens ús is de aksje slagge."

Badmaster Keizer hopet op in reaksje út de polityk wei. "It wurdt sa goed oppakt. Dus ik fyn hast dat de polityk yn Den Haag der wol op reagearje moat. Ik soe it hast nuver fine as sy it net dogge."

Badmaster Bauke Beert Keizer fan Koarnjum

Foto: Omroep West
(Advertinsje)
(Advertinsje)