Soarchbestjoerder wol net te fluch ôfskale: "Ik houd mijn hart vast"

Soarchbestjoerder John van Arnhem ropt it kabinet op de coronamaatregels dy't no jilde, net te fluch ôf te skalen. Hieltyd mear sektoaren easkje ferrommingen. Van Arnhem begrypt dat wol, mar hy hâldt syn hert fêst. "Doe voorzichtig, we zitten nog midden in de crisis."
© ANP
John van Arnhem
Van Arnhem is bestjoerder by de organisaasje Hof en Hiem. Hy wiist op resinte firusútbraken yn Fryske soarchsintra. "We hebben een paar enorme uitbraken gehad. In Surhuisterveen, in Burgum, en in Lemmer." Tsientallen minsken binne oan it firus ferstoarn.
In útbraak treft ek de minsken dy't net besmet wurde, seit Van Arnhem. "Als er een corona-uitbraak is, vragen we bewoners om op hun appartement te blijven, en bezoekers mogen bijna niet meer komen. Maar we merken dat onze bewoners behoefte hebben aan contact. Daar zit het probleem, als je nu in een woonzorgcentrum woont."
Van Arnhem seit dat de krisis ek in oare kant hat. "Het virus leidt tot een welzijnscrisis, en een economische crisis. Het kabinet moet zoeken waar de rek zit. Maar ik roep op tot voorzichtigheid. Als we teveel afschalen, dan schieten we onszelf in de voet."
Der wurd in lytse ferromming ferwachte fan de coronamaatregels. Dat moat jûn offisjeel dúdlik wurde, yn in parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge. Dy begjint om 19.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân, op de telefyzje, radio en online.