SC Hearrenfean ferhiert Joaquín Fernández tydlik oan klup yn Oerûguay

23 feb 2021 - 12:16

SC Hearrenfean ferhiert ferdigener Joaquín Fernández (22) oant de winterstop fan takom seizoen oan Montevideo City Torque, in klup út Ferández syn heitelân Oerûguay. Ofrûne simmer naam Hearrenfean Fernandez oer fan CA River Plate út Oeruguay, mar de ferdigener hat noch net syn offisjele debút makke foar Hearrenfean. Om dochs oan spylminuten te kommen, ferhiert Hearrenfean him no.

Foto: SC Heerenveen

Dat Fernández noch sa min spile hat, hat te krijen mei it skrassen fan de kompetysje foar beloften fanwege it coronafirus.

Technysk manager Gerry Hamstra is tefreden mei de oplossing: "Voor Joaquin is het belangrijk om weer aan spelen toe te komen zodat hij zich kan blijven ontwikkelen. Montevideo City is onderdeel van de City Football Group en hanteert een Europese speelstijl. We denken dat deze verhuur in de huidige situatie het beste voor hem is. Uiteraard wensen we Joaquin heel veel succes en zullen we zijn verrichtingen nauwlettend in de gaten houden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)