Kollum: "Oan Alzheimer is neat te fertsjinjen"

23 feb 2021 - 08:15

"Wy kamen derop troch in boek dat ik lêzen hie. Dat gie oer de rol fan de Friezen yn it ûntstean fan Ingelân. Hartstikke nijsgjirrich, en ik sei tsjin him dat soks ek krekt wat foar syn heit wêze soe, in Frysksinnich man dy't syn wêzen en identiteit oeral en rûnom útdroech. 'Oars wol', sei er, 'mar lêze sit der net mear yn. Hy ûnthâldt neat mear. Hy hat Alzheimer. De diagnoaze is krekt fêststeld, mar hy wurdt mei de wike minder.'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Dat wie beroerd nijs. Demintens is in freeslike sykte. It ferlies fan persoanlikheid, fan de minske dy't hy of sy wie, is net te fernearen. Net foar it yndividu yn kwestje, net foar de minsken dêromhinne. Myn kunde fertelde dat syn heit allegear guod fan it souder helle. Boeken, plakboeken, foto-albums en sels de krystfersiering. De tafel yn de wenkeamer lei fol, krekt as de itenstafel en de stuollen.

Hoewol't myn kunde oanbean hie om ien en oar op te romjen, woe syn heit dêr neat fan witte. Dy sei dat er alles beseach en lies, dêr hie myn kunde him net mei te bemuoien. Plakboeken fan syn favorite fuotbalklup, boeken dy't him nei oan it hert leine, foto-albums fan in earder tiidrek. It hie derfan dat de man him ûnbewust fêstklamme oan dat wat him ûntkaam, ek al lies en beseach er neat. Allinne de krystfersiering wie er aktyf mei dwaande. Dy parte er rûn ûnder de bern, âlde hingers foar yn de krystbeam, út in tiid dat alles wie sa't it wêze moast.

Sokke ferhalen meitsje yndruk. Want Alzheimer is in sykte dy't noait goed ôfrint. It is ien fan de grutste en djoerste sykten fan dizze tiid. Omdat der gjin remeedzje is, wurdt besocht om de maatskippij derop yn te rjochtsjen, om dy 'demintensfreonlik' te meitsjen. Wakker sympatyk en ta in hichte needsaaklik, mar better is it om jild yn ûndersyk te stekken. Want no is it sa dat der sokken ferkocht wurde moatte, saneamde Alzheimer socks, om fierder wittenskiplik ûndersyk te bekostigjen.

Wêrom moat de wittenskip sa lang op subsydzje wachtsje? Wêrom wurdt der net struktureel op regearingsnivo jild foar ûndersyk en bestriding frijmakke? Komt dat om't der neat mei te winnen falt? Dat wie nammentlik al de oanlieding foar farmaseut Pfizer om him in pear jier lyn út Alzheimerûndersyk werom te lûken: dy wie fan miening dat der neat te heljen foel. Deselde Pfizer dy't, no't der mei in faksin foar de pandemy wol genôch te fertsjinjen falt, as in gek oan de slach gien is om dat foarinoar te krijen.

Dat klinkt synysk. Dat is it ek. It is ek de wierheid. En alsa klamt in man yn in wenkeamer him, tusken steapels boeken, fêst oan de parasjutekoarden fan in ferline dat er hieltyd minder werom kent. Oant er himsels foargoed kwyt is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)