Needgjalp 'fergetten' badmaster: Swimles yn gymseal is 'soarchlik'

De swimfeiligens fan Nederlân stiet op it spul. Dat sizze twa badmasters dy't yn Fryslân swimles jouwe. Se wolle mei in opblaasbist de Haachske Hofvijver ynspringe, om it probleem ûnder de oandacht te bringen. "Aanst wurdt it wer moai waar, en dan ha de bern mear as trije moannen net swommen... Dat jout út soargen."
It Amelân © ANP
It doel is omtinken freegje foar it swimûnderwiis yn Nederlân, want neffens badmaster Bauke Beert Keizer rinne in soad bern gefaar omdat der troch de coronamaatregels net genôch swimlessen jûn wurde.
Keizer is badmaster yn Sint-Nyk by 'MijnZwemschool Sint Nyk', en springt mei noch in badmaster yn it wetter. "Ik sil nei Den Haag mei Fons Groenewegen, kollega-badmaster út Drinte dy't ûnder oare yn Beetstersweach, Drachten en Ljouwert wurket. Wy geane tegearre sa't wy it netsjes hâlde."

Ludike, lytse aksje

Om de aksje ludyk en coronaproof te hâlden, dogge sy it dus tegearre. Mei in te grutte groep soe it miskien net goed oerkomme, sa tinkt Keizer. "Wy ferwachtsje dat it eins net mei en wy tinke ek net dat wy der in healoere yn lizze. Mar dat is bêst genôch, want it wetter is ek mar fiif graden. Wy geane de plompe yn mei in opblaasbere unicorn. Wy hawwe in eigen tekst betocht op Laat me fan Ramses Shaffy om te sjongen. As it safier komt fansels, en wy net de hanthaveners yn 'e nekke hawwe."
Badmaster Bauke Beert Keizer fan Koarnjum mei syn opblaasbere unicorn © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Badmaster Bauke Beert Keizer fan Koarnjum
Keizer en Groenewegen wolle in needgjalp hearre litte ûnder it Torentje fan de premier. Om de swimskoallen wer iepen te krijen. "Dat sy der yn elts gefal oer neitinke. Wy sitte no stil. It binne net samar bedriuwen dy't omfalle, mar de swimfeiligens fan Nederlân stiet ek op it spul. En it wurdt nea neamd yn parsekonferinsjes of debatten. Wy wurde in bytsje oerslein, wy wurde wat fergetten", sa fynt Keizer.
Keizer hat al in skoft gjin swimles mear jaan kinnen. "Wy hawwe yn de simmer flink wat lessen ynhelle. Doe tochten wy: wy geane der wer foar. De kop derfoar en lekker it wetter yn. Yn novimber hawwe wy twa wiken yn lockdown sitten en de lessen oerbrocht nei de gymseal. Wy besochten bepaalde dingen op it drûge te oefenjen, lykas it dûken troch it dûkgat op in springkessen. Je moatte dochs wat. En wy fine: de bern moatte der sa min mooglik lêst fan hawwe." Mar in echte swimles sil it net ferfange.

"Swimles moat ûnder ûnderwiis falle"

Der binne ferskate swimorganisaasjes dy't besykje op te kommen foar de lessen, bygelyks de Koninklijke Nederlandse Zwembond en ZwemOnderwijs Nederland. "Sy bondelje harren krêften en der binne ek swimskoallen dy't op eigen inisjatyf by de lokale of lanlike polityk te lobbyen. Om te sjen oft it swimûnderwiis ek ûnder it ûnderwiis falle kin, yn stee fan ûnder sport." Dat soe neffens Keizer moai wêze. "Wy hawwe alle begryp foar de maatregels, mar wy hoopje wol dat se der noch better nei sjogge. Want it smyt op dit stuit soachlike situaasjes op."
Dus dan mar in needgjalp. Dus dan mar mei in opblaasbere ienhoarn it wetter yn. "Dan hawwe wy yn elts gefal wat opskuor kreëarre. Dat is de bedoeling: de diskusje op gong bringe en ús stimlûd hearre litte."