Hoe sûn is ús molke eins?

23 feb 2021 - 11:31

By de produksje en ferwurking fan molke spilet de sûnensfraach kwealik in rol. Der wurdt net op stjoerd: net by de boer op 'e pleats en net by de ferwurking troch de suvelyndustry. In hege produksje, in lege kostpriis en maksimalisearring fan de winst binne belangriker. Dat blykt út in dokumintêre oer molke dy't Omrop Fryslân takom wykein útstjoert.

As kij allinnich mar gers ite, sitte der in soad sûne Omega 3-fetsoeren yn de molke. Mar de measte kij krije ek krêftfoer as brok, soaja en mais om de produksje te ferheegjen. Troch dizze yngrediïnten nimt it gehalte fan it ûnsûne Omega 6 ta. Neffens ûnôfhinklik molkewittenskipper Ton Baars wurdt hjir yn de gongbere melkfeehâlderij hielendal net op stjoerd. Boeren krije bygelyks gjin of hast gjin ekstra jild foar de molke as se allinnich mar gers fuorje. Dy stimulâns is wol nedich omdat kij dy't allinnich mar gers krije minder molke jouwe.

Molkefet ferfongen troch palmoalje

Net allinnich is bêste iten foar de ko is amper in faktor by de produksje fan molke. Ek wurdt troch de suvelbedriuwen in grut diel fan it djoere mar sûne molkefet út molke helle en ferfongen troch goedkeape mar minder sûne palmoalje. In protte fan dy produkten wurde eksportearre mar ek wol yn eigen lân ferkocht. It stiet dan faak as plantaardige oalje op de ferpakking.

Neffens Jan Bles, dy't jierren aktyf wie by FrieslandCampina mar no foar him sels wurket, hat dat alles te krijen mei kostpriisreduksje. Hy fynt dat grutte suvelbedriuwen hjir wolris wat te folle nei sjogge. Bles is no mei in lyts groepke minsken dwaande om folle better te sjen nei de produksje fan sûne molke. Hy tinkt dat dit lyts begjinne kin en úteinlik útgroei kin ta in wize fan produsearjen dy't ek oernaam wurdt troch de grutte suvelbedriuwen.

"Rauwe molke it sûnst"

Ton Baars docht al jierren ûndersyk nei sûne molke en molkeprodukten. Hoe minder it produkt bewurke wurdt hoe sûner it is, sa docht neffens him bliken. Rauwe molke is it allerbêste, seit Baars. En fansels moatte de kij sa folle mooglik farsk gers krije. Baars hopet dat der yn 'e takomst in nij lykwicht komt by de produksje fan molke. Dat bestjut: goed foar it miljeu, foar de grûn, de beurs fan de boer, de sûnens fan de ko en de sûnens fan de konsumint.

Hoe sûn is ús molke eins?

De dokumintêre 'De Wite Wale' is takom wykein te sjen op Omrop Fryslân en NPO2. Ek komt der in podcast mei de meast nijsgjirrige ynterviews út de dokumintêre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)