Ferrommingen ferwachte by nije parsekonferinsje: jûn live by Omrop Fryslân

23 feb 2021 - 06:18

In lytse ferromming foar middelbere skoallen, mbû's en kappers. Dat binne nei alle gedachten de belangrykste meidielingen fan it kabinet yn in parsekonferinsje tiisdeitejûn. De jûnsklok bliuwt wol langer fan krêft.

Foto: ANP

De parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge is jûn om 19.00 oere live te folgjen by Omrop Fryslân, op de telefyzje, radio en online.

Insiders yn Den Haag sizze dat it kabinet it foar middelbere skoallen en mbû's mooglik meitsje wol om ien dei yn de wike learlingen en studinten te ûntfangen. De skoallen binne al sûnt tiisdei 15 desimber foar in grut part ticht. Allinnich foar eksamenûnderwiis en kwetsbere learlingen mochten de skoallen iepen.

Kappers ha de saak ek al ferplichte ticht sûnt mids desimber. Dy meie ûnder strange betingsten wer iepen, liket it. It knipwurk moat wol allegear op ôfspraak.

Oare ferrommingen lykje der earst net oan te kommen. De coronasifers binne ek net ferbettere sûnt Nederlân yn desimber yn lockdown gong. Doe kamen der alle dagen gemiddeld 150 besmettingen by yn Fryslân, op it stuit binne dat der deis gemiddeld 179.

(Advertinsje)
(Advertinsje)