Coronamaatregels treffe ekonomy Noard-Fryslân it hurdst

23 feb 2021 - 00:14

De Fryske ekonomy is yn 2020 mei gemiddeld trije persint krompen yn ferhâlding ta in jier earder. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) op basis fan nije sifers. Dat komt benammen troch de ympakt fan de coronamaatregels. De krimp is it grutst yn it noarden fan de provinsje.

Foto: ANP

Yn it noarden fan Fryslân wie de ekonomyske krimp mei fjouwer persint it grutst. Yn in súdwesten en súdeasten wie de krimp sa'n trije persint. Foarige wike makke it CBS bekend dat de ekonomy lanlik yn 2020 mei 3,8 persint krompen is.

De grutste krimp yn Fryslân wie yn it twadde kwartaal fan 2020, mei tsien oant acht persint. Yn it earste kwartaal fan dat jier wie dat noch minder as ien persint. Yn it tredde kwartaal luts dat alwer by en wie it ien oant twa persint. De Fryske ekonomy kromp yn it fjirde kwartaal mei twa persint.

Noard-Hollân hurdst rekke

De krimp wie ôfrûne jier it grutst yn de provinsje Noard-Hollân (sân persint), fanwegen minder fleanferkear op Schiphol. Dêrnei wie de krimp it swierst yn Grinslân (fiif persint), troch de ôfnommen gaswinning. Yn Flevolân wie dy it lytst, mei 2 persint.

Yn de measte regio's yn Nederlân kromp de ekonomy mei sa'n ien oant trije persint. Dy krimp waard benammen feroarsake troch de ympakt fan de coronamaatregels op de hoareka, reisbemiddeling en de kultuersektor.

Guon ûndernimmers komme sa bot yn de knel dat se it hûs ferkeapje moatte, se ha in brânbrief stjoerd oan it kabinet

(Advertinsje)
(Advertinsje)