Trainer Henk de Jong grutsk op 'syn jonges': "Wat we dien ha, is hiel knap"

23 feb 2021 - 00:05

Sportklup Cambuur wûn moandeitejûn mei 1-3 op besite by Jong FC Utrecht. De thúsploech makke it krekt foar tiid noch efkes spannend troch de oanslutingstreffer te meitsjen, mar de Ljouwerters makken dien wurk. De omstannichheden wiene net altyd maklik en Cambuur miste in flink tal fêste spilers, mar trainer Henk de Jong is foaral grutsk op 'syn jonges': "Ik bin super grutsk op ús boys."

Trainer Henk de Jong

"We moasten fuotbalje op in lyts, dreech fjild tsjin in lestige tsjinstanner. Ik ha echt respekt foar wat de jonges dien ha yn dizze sân dagen", seit trainer Henk de Jong. "Wat we dien hawwe, is echt hiel knap."

Cambuur stie lang mei 0-2 foar, mar krekt foar tiid makke Utrecht dochs de 1-2. "Skande. Ik stie yn de line fan de bal en koe sjen dat Sonny (Stevens, red.) 'm net oankommen seach. Hy stiet al wiken goed te keepen, mar dizze koe er neat oan dwaan." In minút letter makke Issa Kallon fuort wer de 1-3. "We woene Issa noch wikselje, dus it wie mar goed dat we efkes wachten."

Cambuur bliuwt koprinner fan de earste difyzje mei 60 punten út 25 wedstriden, dêr't se 19 fan wûnen. "Je ferlieze ek wolris en spylje wolris lyk. Mar dit is hartstikke goed."

Erik Schouten

Erik Schouten sjocht ek mei in goed gefoel werom op de wedstriid. "Als je zeven punten haalt uit drie wedstijden in zeven dagen dan denk ik dat je het goed gedaan hebt. Ik ben zeer tevreden. We hebben gevochten met z'n allen en kansen gecreëerd."

Hoewol't Cambuur ferskate spilers miste - Mitchel Paulissen, Michael Breij, David Sambissa en Jamie Jacobs wiene blessearre en Doke Schmidt skoarst - ferrûn it spul soepel: "De jongens die erin zijn gekomen, hebben het echt fantastisch gedaan."

"Met lekker gevoel de kleedkamer in"

De Ljouwerters krigen meardere grutte kânsen, mar it waard pas krekt foar skoft 0-1. Schouten: "Ze werden nog wel gevaarlijk, maar ik denk dat wij de meeste kansen hebben gehad in de eerste helft. Als je net voor de rust 0-1 voor komt te staan, ga je met een heel lekker gevoel de kleedkamer in."

Doe't it yn de twadde helte 0-2 waard, like it foar Cambuur dien wurk. Dochs kaam der krekt foar de ein fan de wedstriid noch in tsjingoal. "Je weet dat je moet blijven omschakelen en dat deden we ook, maar toch baal je dan van die tegengoal", seit Schouten. "Gelukkig hielpen ze ons daarna voorin uit de brand."

(Advertinsje)
(Advertinsje)