Cambuur bliuwt op titelkoers nei winst op Jong Utrecht

22 feb 2021 - 22:53

Sportklup Cambuur hat moandeitejûn mei 1-3 wûn op besite by Jong FC Utrecht. De thúsploech makke it krekt foar tiid noch efkes spannend troch de 1-2 te meitsjen, mar de Ljouwerters skoarden fuort wer it beslissende doelpunt.

Foto: Orange Pictures

Cambuur sette op Sportsintrum Zoudenbalch útein sûnder in flink tal spilers. Mitchel Paulissen, Michael Breij, David Sambissa en Jamie Jacobs wiene blessearre en Doke Schmidt wie skoarst.

De Ljouwerts krigen al nei fiif minuten in grutte kâns. Nick Doodeman sette de bal foar op Ragnar Oratmangoen, mar hy koe syn foet krekt net by de bal krije. Efkes letter skeat Robert Mühren yn de hannen fan Utrecht-doelman Maarten Paes.

Spul giet op en del

Utrecht kaam der, foaral troch flaters by Cambuur, sa no en dan ek troch. Sa moast Sonny Stevens nei 20 minuten rêding bringe nei't in pass fan Erik Schouten oppikt waard en Jeredy Hilterman sjitte koe.

De Ljouwerters bleaune lykwols oanfallen en krigen in tal grutte kânsen. Dochs waard it pas krekt foar skoft 0-1, doe't Mühren op oanjaan fan Oratmangoen skoarde.

Op jacht nei de 0-2

Nei it skoft socht Cambuur opnij de oanfal, mar dat soarge ek foar romte foar Utrecht om gefaarlik te wurden yn de counter. Dat levere lykwols gjin doelpunt op.

Dat krige Cambuur oan de oare kant wol foarinoar. Giovanni Korte, dy't noch gjin tsien minuten earder yn de ploech kaam wie foar de net fitte Doodeman, skeat. Fia middenfjilder Raymond Huizing einige de bal yn it doel: 0-2.

Rappe treffers

Fuort dêrnei skoarde Mühren hast de 0-3 nei't er in pear ferdigeners kwytreitsje koe, mar de Volendammer rekke de peal. Tsien minuten letter koe de spits krekt net by in foarset fan Korte.

Krekt foar tiid wie it ynienen wer 1-2. Mei in hurd skot skoarde Tim Pieters. In minút letter wie it lykwols ek al wer 1-3 troch in doelpunt fan Issa Kallon.

Cambuur op titelkoers

Cambuur bliuwt koprinner fan de earste difyzje mei 60 punten út 25 wedstriden. Sneintemiddei nimme de Ljouwerters it op tsjin nûmer 3 Almere City, dat sân punten minder helle, mar noch wol in wedstriid tegoede hat.

Jong FC Utrecht - SC Cambuur 1-3 (0-1). 43. Mühren 0-1, 61. Huizing (e.d.) 0-2, 90. Pieters 1-2, 90. Kallon 1-3.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Bangura (90/Kramer), Schouten, Mac-Intosch, Antonia; Maulun, Hoedemakers, Oratmangoen (76/Ter Heide); Kallon (90/Ladan), Mühren, Doodeman (53/Korte).

(Advertinsje)
(Advertinsje)