Definsje docht tests by oerlêst jaande radarynstallaasje yn Wier

Definsje docht dizze wike tests by de nije radarpost yn Wier. De ynstallaasje, dy't it loftrom yn de gaten hâlde moat, stiet sûnt in pear wiken stil nei klachten fan omwenners. Definsje wol ûndersykje hoe't de radarpost wurkje kin sûnder oerlêst te jaan.
© Sijbe Knol
De nije radar ferfangt sûnt foarich jier de âlde ynstallaasje. Wylst de âlde radar yn goed fjirtich jier gjin klachten feroarsake, is it mei de nije radar goed mis, sizze de omwenners. Se hawwe lêst fan de bromtoan dy't út de radar komt en ek apparatuer slacht op hol. Se sjogge boppedat minder fûgels de lêste tiid en tinke dat soks ek komt troch it lûd.
Ferskate steatefraksjes stelden fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de radar. Se woene ûnder mear witte oft DS der by it Agentschap Telecom op oantrunet in earlike en betroubere mjitting útfiere te litten nei it sinjaal fan de radar, sadat dúdlik wurdt wat der krekt oan de hân is mei de tv- en wifi-steuringen by de omwenners. De gemeente Waadhoeke hat Definsje ek al fragen steld oer de radarpost.