Harnzer krijt wurkstraf foar wytplantaazje yn syn hûs

In man fan Harns is moandei yn de rjochtbank feroardiele ta 80 oeren wurkstraf en trije moannen sel ûnder betingst foar it hawwen fan in wytplantaazje yn syn hûs.
© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
De plysje trof yn oktober 2019 yn de man syn hûs net allinnich 157 himpplanten oan, mar ek in pistoal mei munysje en in foarriedsje harddrugs. Utsein kokaïne, wêrfan't de Harnzer sei dat hy dy sels brûkte, lei der yn in kast in hannelshoemannichte heroïne en speed. De fertochte bewearde dat hy allinnich wist dat der coke yn de wente wie, fan de oare harddrugs soe er neat witten hawwe.

Stroom ôftape

De drugs en it pistoal soene fan dejingen dy't de kwekerij opboud hiene, wêze. De Harnzer hie sa no en dan de plantsjes wetter jûn. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape, ek dêrfan wie hy op 'e hichte.
De rjochter bepaalde dat de man in training kognitive feardigens folgje moat. Fierder krijt hy wenbegelieding, wurdt hy kontrolearre op middelegebrûk en mei hy gjin kontakt hawwe mei dejingen dy't de kwekerij opset hawwe.
De Harnzer krijt in wurkstraf fan 80 oeren en trije moannen selstraf ûnder betingst.