Wetterskip knapt wâlskanten op It Hearrenfean op

Wetterskip Fryslân set woansdei útein mei it opkappen fan hast oardel kilometer oan wetterkearingen yn it sintrum fan It Hearrenfean. De hjoeddeiske kearingen foldogge net mear oan de easken.
© Wetterskip Fryslân
It langste trasee rint fan de Feanskieding nei it buorskip De Mar. Oan in part fan de Feanskieding wurde natuerfreonlike wâlskanten oanlein. Op guon plakken op It Hearrenfean lit it wetterskip earst beammen fuorthelje om plak te meitsjen foar it wurk.
De wâlskanten by de Heideburen en Nieuwburen binne as earste oan bar. It wurk duorret oant juny en it kostet yn totaal 600.000 euro.
Michel Bartels fan Royal Haskoning