Jaloerske Harnzer krijt wurkstraf foar fernielen ruten

22 feb 2021 - 20:04

In 35-jierrige Harnzer is moandei troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren foar it fernielen fan ruten. Dat die hy ûnder oaren by syn eks-freondinne. De man moat ek de skea dy't er feroarsake hat betelje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op 2 maaie foarich jier kaam de Harnzer by syn eks-freondinne oan de doar. De fertochte koe him der net by deljaan dat de relaasje oer wie. In boppebuorfrou hearde geraas en gebonk. Doe't se poalshichte nimmen kaam, seach de de fertochte stean, mei syn hannen ûnder it bloed. Der wie in rút sneuvele.

Sels sei hy dêroer tsjin de plysje dat hy op it rút kloppe hie en dat it glês doe stikken gien wie. It wie wapene glês, dus de fertochte moast neffens de offisier fan justysje wol hiel hurd slein hawwe.

Stien troch it rút

Acht dagen letter dûkte de fertochte op by in wente oan de Hofstraat yn syn wenplak. Hy tocht dat de bewenner in relaasje hie mei syn eks. De Harnzer soe de man al in skoftke lestich fallen hawwe. Dit kear fleach der in stien troch it rút fan de wenkeamer.

De rjochter lei de man foar beide fernielings in wurkstraf fan 30 oeren op. De fertochte moat ek de skea, yn totaal sa'n 600 euro, betelje.

Trefwurden: 
Harns rjochtbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)