RUG docht yn ridend lab ûndersyk nei Fryske dialekten

22 feb 2021 - 18:57

'Spraaklab' is in mobyl laboratoarium dat rûnrydt en helpe kin by ûndersyk nei taal. It lab is fan de Ryksuniversiteit Grins. Se brûke it ûnder oare om ûndersyk te dwaan nei de feroaring en fariaasje fan de Nedersaksyske dialekten en Fryske taalfarianten.

Foto: RUG

"Het is een bus waarmee wij vanaf september de weg op kunnen en onderzoek kunnen doen bij mensen thuis", fertelt ûndersiker Raoul Buurke. Yn it ridende laboratoarium sit in wurkromte en in ôfskieden, lûdstichte romte wêrmei't ûndersikers mei avansearre apparatuer ûndersyksdata sammelje kinne. It Spraaklab wurdt neist ûndersyk nei dialekten ek ynset foar taalkundich ûndersyk by bygelyks Parkinsonpasjinten en by publykseveneminten.

Kompjûtermodellen

Buurke: "We vragen deelnemers een Nederlandse woordenlijst te vertalen naar hun eigen dialect. Op basis daarvan kunnen wij computermodellen bouwen, waarmee we kunnen voorspellen waar er in de toekomst de meeste dialectverandering plaatsvindt." Dat kin hiel naukeurich, ta op in spesifyk plak ta.

Ut ûndersyk fan ôfrûne jierren docht al bliken dat in soad dialekten kwa klanksysteem hieltyd mear op it Nederlânsk begjinne te lykjen. "Dat zie je vooral in Groningen en Drenthe. In Fryslân is dat minder het geval. Wij willen graag weten hoe dat vandaag de dag is en hoe zich dat gaat ontwikkelen over de komende vijftien jaar."

Undersiker Raoul Buurke oer it spraaklab

22 feb 2021 - 18:57