Lasse Schöne besoarget âld-gastgesin sliepeleaze nacht: "Sa moai fûn ik it"

22 feb 2021 - 17:49

Dat de 'Derby van het Noorden' tusken SC Hearrenfean en FC Grins snein yn in 1-1 lykspul einige, is net sa'n grutte ferrassing. Dochs is der genôch reden om oer dy wedstriid nei te praten en dat dogge we yn de SportCast mei in spesjale gast: Feanster middenfjilder Lasse Schöne. Ek is der yn der yn de persoan fan Jan Hylkema in Mystery Guest. En it giet oer SC Cambuur, dat twa tige wichtige wedstriden yn it foarútsjoch hat.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Schöne hat goed nijs foar de fans fan SC Hearrenfean: de blessuere oan syn ljisk liket ta te fallen. Hy waard snein yn it skoft wiksele yn de derby tsjin Grins. "Het gaat eigenlijk wel goed. Ik werd uit voorzorg gewisseld. Je mist liever een halve wedstrijd dan dat je er straks vier langs de kant zit, omdat je gaat forceren", fertelt de middenfjilder, dy't ferwachtet der snein wer by te wêzen. "Ik doe er alles aan om vrijdag weer te kunnen spelen."

Doe't Schöne yn syn earste perioade by SC Hearrenfean spile, wenne er trije jier by it gesin Hylkema. In moaie tiid neffens de Deenske middenfjilder, mar hy is net de iennige dy't der sa oer tinkt. Foar 'Mystery Guest' Jan Hylkema jildt dat ek. Hy is lyrysk oer Schöne: "Hy hie beslist net in grutte mûle. Hy hie altyd wille en noait in ferkeard wurd. We hawwe altyd kontakt hâlden."

Dat kontakt wie der in oantal wiken lyn ek, in dei foardat Schöne presintearre waard by Hearrenfean stjoerde hy Jan in berjochtje. Dat makke yndruk by Hylkema. "It wie skitterjend. De nachts derop ha ik min slept, sa moai fûn ik it. Dat hie ik noait ferwachte, ik fûn it skitterjend moai." Mar, dat er de nachtrêst fan Hylkema fersteure soe, hie de fuotballer net tocht. "Ja, dat spijt me. Dat was niet de intentie, sorry Jan", laket Schöne.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)