Undernimmers yn it nau troch corona: "Ik heb mijn huis moeten verkopen"

22 feb 2021 - 17:41

It pensjoen oanbrekke of in driigjend fallisemint: foar in soad ûndernimmers binne dizze senario's hieltyd realistysker. Troch de coronamaatregels kinne se net mear rûnkomme. De ûndernimmers hâlde it net mear fol en stjoerden dêrom in brânbrief nei Den Haag. Op 3 maart iepen, dat is it doel, oars komt it net goed. "Ik heb mijn huis moeten verkopen door corona", fertelt hoareka-ûndernimmer Angelique Jorna.

Undernimmers yn it nau troch corona

"Struikel niet over de dozen als je binnenkomt", begjint Jorna har ferhaal. Sy is mei har famylje de doazen oan it útpakken yn har restaurant. Mei Edwin begûn se jierren ferlyn in hoarekasaak yn Boalsert. Sels wenne se noch fierderop yn de stêd. "Maar dat is nu dus voorbij", seit Angelique wylst se mei in boar oan de slach giet.

"We konden het niet meer betalen. Huis verkopen dus en nu wat kleiner wonen. Boven het restaurant." In aaklike beslissing, mar neffens Angelique hie it ek net hoegd. "We kunnen als horeca gewoon open. Al heb ik geen vertrouwen in de persconferentie morgen. Ik ben echt bang voor een lange sluiting."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Angelique yn de hoarekasaak

Angelique Jorna yn har hoarekasaak - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Angelique har stress wurdt troch in soad ûndernimmers field. Sa ek troch Henk Hengst, dy't fiif moadesaken yn Fryslân hat. "We kunnen dit nog maar een maand uitzingen", fertelt Hengst. Hy is yn syn winkel yn Dokkum dwaande om koartingsstickers op alle winterjassen te plakken.

Fan de winterfoarried is neat ferkocht, wylst der wol foar in ton binne helle is. "Je hebt dus alleen al bij aankopen 100.000 euro verloren," sa seit Henk emosjoneel. "Dan krijgen we de huur er nog bij en het personeel. Ik heb geen boom met goud in de tuin staan."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Dêrneist spilet noch in probleem. De foarried fan kleanwinkels wurdt gauris op 'likwiditeit' kocht. Dan betellet de bank de foarried by de ynkeap om't se fertrouwen ha dat it jild werom betelle wurdt. No is dat net it gefal en dus is it dreech om jild te krijen foar in nije foarried.

"Banken staan er niet om te springen om geld uit te geven als winkels dicht blijven. Dat is ook harstikke logisch, want je gooit dan geld weg. Wij zitten echt in een spagaat. Als we nog langer dicht blijven, hebben we tot maart of april en dan is het klaar."

Henk Hengst yn syn winkel yn Dokkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)