Undernimmerspear út Wynjewâld rekke troch coronakrisis: "Het is overleven"

Tina en Johan Storteboom út Wynjewâld fernimme de gefolgen fan de lockdown bot. Tina hie in linzjerysaak yn Drachten, mar dy is hast fallyt gien troch de coronakrisis. Har man Johan is kapper yn in fersoargingshûs, mar mei syn wurk net útfiere.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
"We doen niks meer, het is overleven. Het water is er bij mijn vrouw al overheen, bij mij loopt het naar de lippen", seit Johan Storteboom. "Als we gewoon open hadden gekund, was het een heel ander verhaal en hadden we minder watersnood gehad Het is echt penibel."
Dat de saak fan syn frou der net mear is, docht sear. "Daar hebben we veel tranen om gelaten. Het raakt je." It wie in saak fan 140 kante meter. "Die heb ik bijna twaalf jaar gehad en vier jaar geleden ben ik naar een groter pand verhuisd, dat was een droom die uitkwam", follet Tina Storteboom oan. De trije meiwurkers moast se dien jaan."Dat heeft me enorm geraakt en doet nog steeds zeer."
It stel komt oarspronklik út Grinslan en wennet mei trije dochters tydlik yn Wynjewâld. "We moeten er eind mei uit en we hebben geen idee waar we heen kunnen. De huren zijn niet te betalen, ik weet niet hoe het moet. We hebben wel vertrouwen, maar het is lastig."
Willem de Vries praat mei Johan en Tina Storteboom
Yn de earste lockdown hie de saak fan Tina in omsetferlies fan 95 prosint. Nei't se it personiel dien jaan moast, gie se allinne fierder. "Van maart tot november werkte ik elke dag. Dat was zwaar, dat vind ik niet erg, maar het was niet meer lonend." Se koe de hier net mear opbringe en sei it kontrakt op. "We moesten ons huis verkopen om van de overwaarde onze schulden af te betalen." Se is noch wat saken oan it regeljen. "We willen ons leven weer oppakken, maar het fundament is weg."
De kapperssaak fan Johan soe op termyn wer iepen kinne. "Ik heb wel vertrouwen in de toekomst. Het is wel zwaar, maar als we weer open kunnen, kunnen we goede tijden hebben." Hy hoegde gjin hier te beteljen. Foar it personiel frege er in NOW-fergoeding oan, mar hy krige in oanslach dat se in soad werombetelje moatte. "Daar kan ik me heel boos om maken, het gaat niet om honderd euro." Hy bliuwt optimistysk. "We gaan ervoor. We gaan het redden, maar het heeft veel tranen en energie gekost."

Oar wurk

Om dochs wat brea op de planke te krijen, wurket Tina no twa dagen yn de wike yn it Antoniussikehûs en Johan wurket as dokterssjauffeur.
Willem de Vries praat mei Johan en Tina Storteboom (2)