Bornego College: belangryk dat skoallen iepenje want kwetsbere groep nimt ta

22 feb 2021 - 17:01

De weriepening fan it middelber ûnderwiis is hiel wolkom op it Bornego College op It Hearrenfean. De groep kwetsbere learlingen dy't opfongen wurde moatte wurdt hieltyd grutter. Sa't it no liket kinne alle learlingen begjin maart wer oardel dei nei skoalle. Mooglik kin der noch wol mear.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"De leerlingen willen heel graag weer naar school en de school wil ze met open armen ontvangen", seit Hans Wildeboer, bestjoerder fan it Bornego College. "Online onderwijs is niet het echte onderwijs, dat is het contact in de klas, buiten de klas."

Wildeboer wol rêstichoan begjinne. "Zoals het nu lijkt moeten we de anderhalve meter aanhouden, Als het goed gaat gaan we rustig opschalen. We zien dat de motivatie van leerlingen behoorlijk achteruit is gelopen, dat betekent dat we flink aan de bak moeten. Ook docenten hebben nog wel wat zorgen. We zullen als scholen moeten zoeken naar een juiste balans."

Wolwêzen earst, dan toetse

Hy seit dat der earst net folle toetst wurde sil. "We willen de leerlingen eerst weer laten wennen en werken aan hun sociaal-emotionele ontwikkeling en welzijn en niet direct de leerachterstanden inhalen. Laten we daar de tijd voor nemen." Hy sjocht de opfang fan kwetsbere bern tanimmen en is dêrom ekstra bliid dat de skoallen wer iepen kinne.

Fierder ropt er ek op om romte te jaan foar it bûtensporten fan learlingen. "Ga met de leerlingen aan de slag." De risiko's soene hiel beheind wêze en de (mentale) sûnenswinst hiel grut.

Hans Wildeboer

(Advertinsje)
(Advertinsje)