Trije moanne sel foar ynwenster De Harkema nei drugsfynst yn auto

In 25-jierige frou fan De Harkema moat fan de rjochter trije moanne de sel yn. Se hie mear as 300 gram GHB en goed 2 gram speed by har doe't se yn oktober ferline jier yn har auto oanhâlden waard.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje sette de wein oan de kant om't dy net fersekere wie. Ynsitters fan de auto stienen bekend as drugsbrûkers, dêrom ûndersocht de plysje de auto op drugs. De fertochte sei dat se it guod by in dealer kocht hie.
De frou hat net earder mei justysje yn oanrekking west. Om mear oer har omstannichheden te witten te kommen woe reklassearring in rapport opmeitsje, mar de frou reagearre net op de útnûging.
De útspraak wie gelyk oan de eask fan de offisier.