PvdA Hearrenfean hat noed oer fuortbestean doarps- en buerthuzen

22 feb 2021 - 15:21

De PvdA-fraksje yn de gemeente Hearrenfean makket him soargen oer de gefolgen fan de coronamaatregels foar doarps- en buerthuzen. Dy kinne neffens de fraksje de holle mar kwealik boppe wetter hâlde. Se hawwe it finansjeel swier, om't se gjin hierynkomsten en drankomset hawwe, wylst de fêste lêsten trochrinne.

Foto: Google Street View

"Dorps- en buurthuizen hebben een belangrijke functie in de dorpen maar ook in Heerenveen zelf. Samen kunnen eten, een spelletje kunnen spelen, een vergadering of activiteit organiseren", leit PvdA-riedslid Jan Julius Buwalda út.

Troch de coronamaatregels fan no kin dat allegear net, mar de kosten bliuwe wol. "Verder is er nog geen perspectief wanneer er wel weer iets mag. Dus we moeten alles op alles zetten om alle dorps- en buurthuizen te behouden." Buwalda stelde earder al út namme fan de Feanster PvdA-fraksje fragen oan it kolleezje oer de temjittekomming fan doarps- en buerthuzen yn de hjoeddeiske coronakrisis.

Pleatslik Belang Jobbegea-Hoarnstersweach luts earder al oan de belle om't se har soargen meitsje oer it fuortbestean fan multyfunksjoneel gebou De Kompenije yn Jobbegea. De PvdA-fraksje fynt dat in soarchlik sinjaal en stelt dêrom opnij skriftlike fragen oer de kwestje.

Fragen

De fraksje wol ûnder mear witte oft it kolleezje op 'e hichte wie fan de útkomst fan it ûndersyk dat dien is nei de finansjele situaasje fan MFG De Kompenije. Dêrneist freget de fraksje him ôf hoe't it kolleezje de útslach fan dat ûndersyk tsjut en hokker aksje der ûndernaam wurdt om sluting foar te kommen.

Fierder is de fraksje benijd yn hoefier de coronapandemy ynfloed hat op de finansjele situaasje fan De Kompenije. Ek is frege wat de status is fan in mooglike twadde regeling foar doarps- en buerthuzen yn de gemeente Hearrenfean. De earste temjittekomming rûn oant 1 juny 2020.

(Advertinsje)
(Advertinsje)