204 nije coronabesmettingen yn Fryslân, trochsneed giet omheech

22 feb 2021 - 15:17

It RIVM meldt moandei 204 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 38 minder as snein. Doe wienen it 242. Gemiddeld wurde alle dagen 183 nije besmettingen meld, sjoen nei de ôfrûne wike.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Ljouwert, mei 46. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân (39).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner út Opsterlân.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân, Harns en Achtkarspelen.

Lanlike sifers

Lanlik binne 4.217 nije coronagefallen meld. Dat is krekt wat mear as trochsneed fan de ôfrûne wike, dat leit op 4.124.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sikehûssifers

Op it stuit lizze der 62 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 18 op de intensive care. Yn Grinslân lizze 70 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 20 op de ic. Yn Drinte binne de sifers leger, mei 36 coronapasjinten yn it sikehûs en 8 minsken op de ic.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)