Nochris seis besmettingen fêststeld by ferpleechhûs Sickenga Oord yn Wolvegea

By in nije testronde ûnder bewenners en meiwurkers fan ferpleechhûs Sickenga Oord yn Wolvegea binne nochris seis besmettingen fêststeld. Op it stuit binne njoggentjin bewenners besmet en tolve meiwurkers. Ein ferline wike lei it tal positive besmettingen op 25.
Sickenga Oord © ProNews
De besmette bewenners wurde isolearre fersoarge. En fan de tolve meiwurkers dy't posityf test binne, sitte noch acht yn karantêne. De fjouwer oaren kinne takom wike wer oan it wurk.
De lêste testútslaggen komme net ûnferwachte, skriuwt soarchgroep Liante, dêr't Sickenga Oord ûnder falt. Se hoopje dat se de pyk fan it tal besmettingen no berikt ha.
Oant en mei woansdei 24 febrewaris meie bewenners fan Sickenga Oord gjin besite ûntfange.