Nije skriuwers socht foar aventoeren fan Tomke

Wa ken Tomke net? It lytse mantsje mei de grutte krol op'e holle dy't allegearre aventoeren belibbet mei syn freontsjes Romke, Yana Yu en Kornelia. De boekjes mei syn ferhaaltsjes yn it Frysk wurde al hiel wat jierren foarlêzen oan pjutten en beukers. En no siket de Afûk, de útjouwer fan de Tomke, nije skriuwers foar de aventoeren fan it mantsje.
© Omrop Fryslân
"We sykje nije skriuwers om it ferskaat te boargjen. Elke skriuwer bringt in eigen styl, in eigen ynfalshoeke en in rêchsek fol kreativiteit mei, dêr't de Tomke-wurkgroep graach gebrûk fan makket", leit Ciska Noordmans fan de Afûk út.
Foar de skriuwwedstriid is it ûnderwerp frij, mar as der in skriuwer fûn is, krijt dy opdracht fan de wurkgroep. Der wurde skriuwers socht dy't dat foar langere tiid dwaan wolle. "Miskien binne der âlders of ûnderwizers dy't nocht oan skriuwen hawwe." Dyijinge moat wol de tiid, ynspiraasje en feardichheid hawwe, lykas Frysk skriuwe en ienfâldige teksten skriuwe kinne.

Tomke bestiet 25 jier

Tomke bestiet al sûnt 1996. De Afûk bringt twa kear yn it jier in Tomkeboekje út, der wurde ek ferhaaltsjes foar Omrop Fryslân telefyzje skreaun. Op Tsjil binne hûnderten ôfleveringen te sjen.
De winners fan de skriuwwedstriid wurde foar 15 maaie bekend makke en binne op 12 juny te gast op Tomke syn 25ste jierdeifeest.
Potinsjele skriuwers kinne har proefferhaaltsje stjoere nei: ynfo@tomke.frl. Mei motivaasje en foar 31 maart.