Mbo mooglik ien dei iepen; studinten en dosinten ha foaral ferlet fan kontakt

It kabinet wol de middelbere skoallen de romte jaan om ien dei yn de wike fysyk les te jaan; dat sizze insiders yn Den Haag. It kabinet jout tiisdei wer in parsekonferinsje oer de coronamaatregels. Njonken middelbere skoallen sjocht it kabinet ek nei wat der mooglik is foar mbo-skoallen. Dy soenen miskien ek wer in dei iepen kinne.
Mbo mooglik ien dei iepen; studinten en dosinten ha foaral ferlet fan kontakt
Der is benammen ferlet fan kontakt, seit Jan Dijksma fan it Friesland College, ien fan de mbo-ynstellingen yn ús provinsje. "Onderwijs drijft vooral op contact. Je merkt aan alle kanten dat contact belangrijk is. We juichen het absoluut toe om les te geven, om in de praktijk dingen samen te doen. Dat is online lastig."
Benammen foar de earstejiers is dat ferlet fan fysyk les der. "Die hebben al hun eindexamen gemist en komen in het beroepsonderwijs terecht, dan heb je een rare start. Er is dus absoluut behoefte aan contact. Elke verruiming van de regels is welkom." Ek dosinten misse it kontakt. "Online is toch anders en bij het mbo is praktijk een belangrijk examenonderdeel."
As de regels rommer wurde, kin de oplieding de lessen sa wer oppakke. "We werken al langer met de anderhalve meter afstand, de ruimtes zijn er op ingericht."
© Friesland College
Jan Dijksma