LTO Noord: "Gemeente Ljouwert smyt de lânbousektor folslein yn it slot"

Lânboufertsjinwurdiger LTO Noord is lilk oer de plannen fan de gemeente Ljouwert om oan de súdkant fan de stêd gjin útwreiding fan boerebedriuwen ta te stean. Neffens LTO Noord smyt de gemeente de lânbou dêrmei folslein yn it slot. Dat rekket op syn minst 24 agraryske bedriuwen. "Sa hellest de dynamyk út de sektor", fynt regiobestjoerder Jan Teade Kooistra.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Fan 2022 ôf jildt der in nije wet yn ús lân dy't foarskriuwt wat wol en wat net mei as der boud wurdt yn it bûtengebiet. Yn it saneamde 'Pre-omgevingsplan Leeuwarden buitengebied zuid' docht de gemeente Ljouwert in foarstel om yn it feangreidegebiet de útwreiding fan fee en stâlen net ta te stean. It giet om in grut gebiet; fan de greiden noardlik by Terherne oant en mei de ôfslach Garyp by de N31.

Op slot

As dit foarstel oannaam wurdt, kinne boerebedriuwen yn de takomst gjin tastimming krije om bygelyks fee en stâlen út te wreidzjen. Regiobestjoerder Jan Teade Kooistra fan LTO Noord sketst wat dit betsjut foar boeren. "Stel, do wolst in nije stâl bouwe mei in emisje-earme flier om de stikstofútstjit te ferminderjen, dan moatst wol útwreidzje kinne om dizze ynvestearring te beteljen. Dat kin dan aanst net mear. Mei oare wurden: alles wurdt op slot setten en boeren kinne harren bedriuw net takomstproof meitsje."

Hakken yn it sân

De gemeente Ljouwert rint te fier foar de feangreidefyzje út, fynt Kooistra. "Der sitte yn dit gebiet al net sa folle boeren mear. Der binne al safolle lege pleatsen. Ast dy lêste boeren der ek noch wei jagest, dat kin de bedoeling dochs net wêze." Neffens Kooistra wie it folle better west as de gemeente earst mei de boeren om tafel sitten gong wie om de plannen te bepraten. "De gemeente rint no al te fier op de saken foarút. Dit is in falske start, wêrtroch't by de boeren it hier oerein stiet. Sy sette de hakken yn it sân. Dat is skande. Dêr hat gjin ien wat oan."
© Gemeente Leeuwarden
De gemeenteried moat it plan noch fêststelle. LTO Noord hat syn fyzje yntsjinne om kenber te meitsjen dat se it net iens binne mei de yntinsjes fan de gemeente oer it gebrûk fan de lânbougrûn. Kooistra: "De gemeente soe der goed oan dwaan om de feangreidefyzje earst ôf te wachtsjen. Se binne krekt wat te rap."
De gemeente stelt mei klam dat it giet om in útstel en net om in definityf plan. De wethâlders sille mei de boeren yn petear om ta in goede oplossing te kommen.
Jan Teade Kooistra fan LTO Noord