Hûzeprizen op 'e nij heger as ferline jier: "foar keaper is it dreech"

22 feb 2021 - 12:27

Wa't in hûs keapje wol, moat flink ta de bûse. Neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) en it Kadaster wiene de hûzen yn Fryslân yn jannewaris dit jier gemiddeld 9,1 prosint djoerder as in jier earder. It binne de heechste groeisifers sûnt novimber 2018. "Wy ha gjin kleien", konkludearret Willem Donker, foarsitter fan makelderferiening NVM Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sûnt it djiptepunt kwa hûzeprizen yn de simmer fan 2013 binne de hûzen allinnich noch mar djoerder wurden. Yn fergelyk mei de hûzepriis yn 2015 wiene de prizen yn jannewaris 2021 mar leafst 42 prosint yn priis omheech gongen.

Boppe de fraachpriis

Willem Donker, foarsitter fan makelderferiening NVM Fryslân, fernimt dat hûzen geregeld boppe de fraachpriis fuort gean. "Dan giet it benammen om hûzen om de twa ton hinne, de starterswenten om samar te sizzen. Dêr is de fraach op dit stuit it grutst." De NVM hat in saneamde 'kraptemeter', wêrmei't se mjitte kinne nei hokker wenten de grutste fraach is. "Foar bepaalde hûzen is de krapte 1,7. Dat betsjut dat minsken yn dy klasse net iens út twa hûzen kieze kinne. Ta fergelyk: yn de krisistiid wiene dat der 32."

Lege hypoteekrinte

Op dit stuit is de hypoteekrinte 1,5 prosint, wat foar in soad starters hiel oanloklik is. Donker: "As starters kieze kinne tusken hier en keap, dan binne se goedkeaper út as se in keapwenning ha. Se stoarte har massaal op de keapmerk. Foar elke wenning dy't wy te keap sette, binne wol 15 belangstellenden. Foar minsken dy't in hûs ferkeapje, is dat prachtich. Mar foar keapers is it dreech."

Wannear hâldt it op?

De grutte fraach is fansels: wannear hâldt de groei fan de hûzepriis wer op? Donker wit it net. "It is hiel lestich om dêr wat oer te sizzen. De ferwachting wie dat de hûzepriis sakje soe no yn de coronakrisis, mar dat is net bard. Wat ik sels ek hiel bysûnder fyn, is dat it konsumintebetrouwen blykber noch hieltyd hiel heech is, ek al stiet de wrâld yn de brân."

Willem Donker

Trefwurden: 
CBS kadaster NVM huzepriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)