Lemsters yn aksje fanwegen parkearproblemen

22 feb 2021 - 10:15

Bewenners fan tal strjitten op 'e Lemmer binne in hantekenaksje begûn, om't se al moannen de auto hast net kwyt kinne. Der wurdt in nije supermerk boud en dat soarget derfoar dat de parkearplakken net mear tagonklik binne.

De Parkstraat op De Lemmer foar de ferbouwing - Foto: Google Street View

Bewenners moatte de auto no in stik fierder fuort parkearje en dat is benammen foar de wat âldere minsken in probleem. Boppedat wurdt it dêrtroch op oare plakken wer drokker mei auto's.

De PvdA yn de gemeente De Fryske Marren stelt no fragen yn de ried, sy wolle witte oft de gemeente wol neitocht hat oer de problemen en oft se op koarte termyn in oplossing betinke kinne, want oars bliuwt dizze situaasje twa jier sa bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)