Kollum: "Skelle, skelle docht net sear"

22 feb 2021 - 08:27

"Twa wiken lyn fertelde ik yn myn kollum dat de bern by ús thús sa bliid wienen om wer nei skoalle ta. Ik krige allerhanne entûsjaste reaksjes fan heiten en memmen dy't fertelden dat ek harren bern net wachtsje koenen om wer nei skoalle ta. Mar der is fansels in útsûndering. Bern dy't op skoalle narre wurde. Dy soenen it leafst noch wat langer thús bliuwe wolle. Want thús wurdst net narre. Alteast, dat tocht ik.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Stel dy foar. Do rinst mei dyn soan of dochter troch de stêd en samar ynienen wurdt dyn bern troch in pear folslein ûnbekende pubers op strjitte útskolden foar kuthoer of teringlijer. Net omdat hy of sy krekt spul hân hat mei ien fan dy jonges, mar simpelwei omdat der op social media in foto fan dyn bern nei elkenien tastjoerd wurdt mei de oprop om him of har út te skellen op strjitte.

It liket miskien in flauwekul-ferhaal, mar neat is minder wier. It bart alle dagen. Online wurdt der noch folle mear pest as op it skoalplein. Gjin dosint dy't nammentlik yn de gaten hat wat foar kwetsende berjochten der ferstjoerd wurde yn groepsapps en hatemails. Boppedat kinst as pester lekker anonym bliuwe, wat skellen en treiterjen fansels noch folle makliker makket.

Elk jier wurde mear as 500.000 jongeren online pest. Dat giet fia social mediakanalen lykas YouTube, Facebook, WhatsApp, Instagram, SnapChat en fia online games. In heal miljoen jongeren dy't dei en nacht narre wurde, want de telefoan giet noait út. It pesten hâldt noait op.

De gefolgen fan cyberpesten binne faak grutter as by 'gewoan' pesten. As bern kinst dy nammentlik hast net ferdigenje. Wurdst publyklik fernedere en elkenien kin meisjen. Boppedat is it hast ûnmooglik om filmkes en foto's wer fan it ynternet te heljen. En mei in kamera op de telefoan kin en mei elkenien altyd in foto of filmke fan dy meitsje.

Ik kin my net foarstelle hoe sear it dwaan moat om as heit of mem te hearren dat dyn bern foar kuthoer of teringlijer útskolden wurdt. Dat se sels op strjitte net mear feilich binne. It makket my sa alderferskuorrendst lilk. Sa lilk dat ik elkenien dy't soks online set wol tsjin de harsens slaan wol.

'Skelle, skelle docht net sear. Spiker yn 'e kont dat helpt wat mear', sei ús mem eartiids altyd. Mar spitich genôch giet dat deuntsje tsjintwurdich net mear op. Skelle, skelle docht wol sear. En thús ûnder de tekkens krûpe, dat helpt net mear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)