Moai waar helpt hoarekaûndernimmers mar in bytsje: "Der kin op in hiel soad plakken gjin jild útjûn wurde"

22 feb 2021 - 07:31

Yn Fryslân gongen minsken der manmachtich op út ôfrûne wykein om fan it moaie waar te genietsjen. It wie in goed begjin fan de maitiidsfakânsje. Dat soarge op ferskate plakken foar drokte. Mar al dy drokte helpt hoarekaûndernimmers mar in bytsje. "Der kin op in hiel soad plakken gjin jild útjûn wurde", konkludearret Martin Cnossen fan Merk Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wêr't ferbliuwsakkommodaasjes it hiel aardich dogge, hat de rekreaasjesektor it oer it algemien tige swier, fernimt Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "En ek al meie akkommodaasjes iepen, wat der fertsjinne wurdt is folle minder. De besteging is it grutte probleem. Der kin op in hiel soad plakken gjin jild útjûn wurde. As wy no op paad gean, dan hâldt it mei tsien euro oan útjeften wol op. Wylst dat yn it ferline wol hûndert euro wie."

Twivels oer bydrage

Ek al is der finansjele kompensaasje, it bliuwt hiel lestich foar de rekreaasjesektor om de holle boppe wetter te hâlden. Cnossen: "In hiel soad ûndernimmers binne troch harren sparjild hinne. It gefoel dat wy as rekreaasjesektor bydrage oan de oplossing nimt ek ôf. As ûndernimmers freegje wy ús hieltyd faker ôf: helpt it wol dat wy ticht binne? Kinne we net iepen mei help fan testen en testútslaggen? Wy moatte sjen hoe't wy hjir útkomme kinne. Dat is dreech. Hiel dreech."

Martin Cnossen fan Merk Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)