Bistedokter en FNP'er Roel Falkena (84) ferstoarn

22 feb 2021 - 06:23

Yn syn wenplak Beetstersweach is sneon bistedokter en âld-FNP-steatelid Roel Falkena ferstoarn yn 'e âldens fan 84 jier. Falkena wie fan 1987 oant 1999 steatelid foar de Frysk Nasjonale Partij en oanslutend fiif jier riedslid yn de gemeente Opsterlân.

Foto: Famylje Falkena

Roel Falkena waard berne yn Snits yn 1936. Nei it kristlik lyseum studearre er diergenêskunde yn Utrecht, dêr't er ek bestjoerslid fan de Fryske studinteferiening Redbad wie. Nei syn militêre tsjinst krige er yn 1962 in feedokterspraktyk yn Beetstersweach, dy't er hâlde soe oant 1999.

Polityk aktyf

Fan 1979 oant 1984 wie er bestjoerslid fan de FNP. Fan 1987 oant 1999 wie er lid fan Provinsjale Steaten foar de FNP. Fan 1999 oant 2004 siet er foar de FNP yn de ried fan de gemeente Opsterlân. De FNP-ôfdieling Opsterlân hie er sels oprjochte.

Foar Roel Falkena wie de FNP de iennichste politike partij. Oare politike partijen yn Fryslân neamde er 'filialen fan in Hollânsk grutbedriuw'.

Europeeske Frije Alliânsje

Yn 1981 stie Falkena oan de widze fan de Europeeske Frije Alliânsje, it bûn foar regionale partijen yn Europa. Falkena hie ek bûten de polityk ferskate bestjoersfunksjes. Hy wie fan 1970 oant 1976 foarsitter fan Tryater en nei syn politike karriêre tsien jier foarsitter fan de Stichting Slach by Warns.

Oant 2011 wie er foarsitter fan de stifting Slach by Warns. As sprekker by de Warnsbetinking pleite er yn 1983 foar selsbestjoer foar Fryslân.

Falkena wie twa kear troud. Ut syn earste houlik hie er trije bern. Hy wurdt tongersdei te hôf brocht.

Annigje Toering (FNP) oer Roel Falkena

Trefwurden: 
ferstoarn FNP Roel Falkena
(Advertinsje)
(Advertinsje)