Moandei gjin sneltsjinst tusken Skiermûntseach en Lauwerseach
Troch in technysk mankemint fart der moandei 22 febrewaris gjin sneltsjinst tusken Lauwerseach en Skiermûntseach. Dat lit rederij Wagenborg sneintejûn witte.
Passazjiers mei in kaartsje wurde troch in bedriuw ynformearre. It is noch net dúdlik wannear't de sneltsjinst wol wer farre kin.