Schöne nei lykspul: "We krijgen ze nog een keer, dan daar maar drie punten pakken"

21 feb 2021 - 18:33

De frustraasje wie dúdlik sichtber nei ôfrin yn it Abe Lenstrastadion sneintemiddei. SC Hearrenfean krige tsien minuten foar tiid de lykmakker om 'e earen yn de noardlike derby tsjin FC Groningen en dat die sear. It wie in wedstriid mei twa gesichten, wêrby't Hearrenfean foar it skoft de bettere wie. Yn de twadde helte wienen de Grinzers de sterkste ploech op it fjild. 1-1 wie yn dy sin dan ek in logyske útslach, mar dochs hiene de Feansters it gefoel dat se twa punten lizze litten hiene.

Lasse Schöne oer it lykspul tsjin Grins

Middenfjilder Lasse Schöne waard wiksele yn it skoft, om't hy wat fielde by syn ljisk. "Na twintig minuten voelde ik wat, en ik kreeg er alleen maar meer last van. Daarom ben ik er in de rust uitgegaan, om erger te voorkomen."

Grins werom yn it duel

Neffens Schöne wie it in duel mei twa gesichten. "Ik denk dat wij de eerste helft niet in de problemen zijn gekomen, zij hebben geen kans gecreëerd. Wij zetten hun vast, lieten hun niet voetballen en daar hadden ze het heel moeilijk mee. We hadden controle, en misschien hadden we onszelf met meer doelpunten moeten belonen. Daar baal je dan achteraf van. De tweede helft was wel een ander beeld ja."

Nei it skoft hie Hearrenfean it dreech mei it spul fan de Grinzers, seach Schöne. "Toen liepen we iets te snel naar achter, en zo lieten we hun onnodig in de wedstrijd komen. Je ziet dat we dan naar achter worden gedwongen en niet meer op hun helft kwamen te spelen. Maar zij misten veel kansen, Op een gegeven moment denk je dat ze niet meer gaan scoren. Maar dan gebeurt het natuurlijk wel. Daar balen we echt van, we hadden hier moeten winnen. Nou ja, we krijgen ze dit seizoen nog een keer. Dan moeten we daar maar winnen."

Frustraasje by Joey Veerman

Joey Veerman seach krekt as Schöne in grut ferskil tusken earste en twadde helte. "In de tweede helft schieten we alles lang. We stoppen totaal onnodig met voetballen. Als je ziet hoe we spelen in de eerste helft, moeten we dat niet doen."

Joey Veerman nei ôfrin fan it duel tsjin Grins

De Volendammer moast tajaan dat de Grinzers yn de twadde helte folle better wienen, en hie dêr dus wol in ferklearring foar. "Ik heb misschien drie of vier ballen geraakt in de tweede helft. Over de grond voetballen deden we niet meer. En dan hangen we in de 82e minuut allemaal achterin en krijgen we een goal tegen. Ja, zeg het maar. Ik moet in de eerste helft gewoon die bal binnen schieten, maar ik raak de paal. Dat is al de derde week op rij dat ik hem niet binnenschiet, en dat is wel frustrerend."

'Groningen gewoon een stugge ploeg'

De trainer fan Hearrenfean, Johnny Jansen, begrypt hiel goed dat Veerman frustrearre is. "Joey mag geïrriteerd zijn, ik baal er zelf ook van. Maar als zij er een vechtwedstrijd van maken, dan moet je ook vechten."

Trainer Johnny Jansen nei it lykspul tsjin Grins

Neffens Jansen hie syn ploech de wedstriid oer de einstreek lûke moatten. "De eerste helft was voor ons, de tweede helft was voor Groningen. Maar ik baal van de tegengoal. Daar moeten we druk op de bal zetten, daar moeten we vooruit verdedigen. Ik had wel het gevoel dat de tank bij ons een beetje leeg was, daardoor waren we net niet meer nauwkeurig en konden we Groningen niet meer pijn doen. Het is gewoon een stugge ploeg. Daar hebben we het blijkbaar lastig mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)