SC Hearrenfean en FC Groningen diele punten yn noardlike derby

21 feb 2021 - 16:18

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei mei 1-1 lyk spile yn de noardlike derby tsjin FC Groningen. Yn it eigen Abe Lenstrastadion makke Siem de Jong der krekt foar it skoft 1-0 fan, nei goed wurk fan Henk en Joey Veerman. Tsien minuten foar tiid krige Hearrenfean it lid noch op 'e noas, doe't Suslov fan mear as tweintich meter de 1-1 achter Erwin Mulder skeat.

Foto: Orange Pictures

It begjin fan de wedstriid wie fan beide kanten foarsichtich. It duorre dan ek even foar't der in kâns te sjen wie. Benammen de Grinzers besochten Hearrenfean it fuotbaljen ûnmooglik te meitsjen. Healwei de earste helte in grutte kâns, doe't Lasse Schöne in bal op doel sjitte koe. Syn kûgel koe fuortbokst wurde troch keeper Padt fan Grins.

In pear minuten letter krige Joey Veerman dé kâns om de 1-0 te meitsjen nei in flaterke fan Te Wierik. Veerman koe allinnich op de keeper ôf, mar it skot fan de Volendammer rekke spitigernôch de peal.

Krekt foar it skoft kamen de Feansters op foarsprong. Yn in fantastyske oanfal fûn Joey Veerman syn maat Henk Veerman. De spits koe de bal ôflizze op Siem de Jong, dy't der 1-0 fan makke.

Grins better yn twadde helte

Hearrenfean begûn de twadde helte mei in tsjinfaller, doe't Lasse Schöne yn de klaaikeamer efterbliuwe moast. Hy waard ferfongen troch Rodney Kongolo. Troch de efterstân wisten de Grinzers dat se wat besykje moasten. Dat levere in pear lytse kânsen op, ûnder oare foar spits Strand Larsen, mar keeper Erwin Mulder koe rêding bringe. Ek ynfaller Abraham wie tichteby de lykmakker, mar syn ynset gie krekt njonken de peal.

De thúsploech kaam ûnder druk te stean, wylst de Grinzers hieltyd mear balbesit krigen. It like wachtsjen op de lykmakker, mar oan de oare kant fan it fjild wiene der noch kânskes foar Henk Veerman. FC Groningen sette hieltyd mear druk op de goal fan Erwin Mulder. Sa kopte Strand Larsen út in fiere yngoai op 'e latte, mar it like derop dat Hearrenfean stân hâlde koe.

Spitigernôch wie dat bûten Tomas Suslov rekkene, dy't fan fier bûten de 16 meter úthelle en de lykmakker achter Erwin Mulder skeat. Yn in hektyske slotfaze besochten beide ploegen noch as winner fan it fjild te kommen, mar dêr slaggen se beiden net yn.

SC Hearrenfean - FC Groningen 1-1 (1-0): 43. Siem de Jong 1-0, 82. Tomas Suslov 1-1

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Kaib; De Jong, Schöne (46/Kongolo), Halilovic, J. Veerman; Van Bergen (85/Nygren), H. Veerman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)