Tal coronabesmettingen yn Fryslân springt wer omheech

21 feb 2021 - 15:31

It RIVM meldt snein 242 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 39 mear as sneon. Doe wiene it 203. It is ek in stik heger dan trochsneed, want de ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 179 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 47. Dêrnei komme Ljouwert (31) en Smellingerlân (29).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner út Súdwest-Fryslân.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4720 nije coronagefallen meld. Dat is ek boppe trochsneed, want dat is dizze wike 3935.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)