Fraachtekens by Henk de Jong yn oanrin nei tredde wedstriid yn sân dagen

21 feb 2021 - 14:48

Sportklup Cambuur spilet moandei de tredde wedstriid binnen sân dagen. Nei de wedstriid fan freed tsjin Jong Ajax binne der yn de seleksje fan de Ljouwerters de nedige fraachtekens. Wis is dat Mitchel Paulissen, Michael Breij en David Sambissa net spylje sille. Robert Mühren, Calvin Mac-Intosh en Jamie Jacobs foarmje noch fraachtekens. Ek Doke Schmidt sil net spylje; de ferdigener is skorst.

Henk de Jong nei de lêste training

Trainer Henk de Jong koe nei de lêste training snein noch gjin opstelling jaan. De twadde dei nei de wedstriid neamt De Jong altyd de dag van de pijntjes. De Jong: "It is passe en mjitte. We moatte moandei efkes sjen. Ik kin der no net safolle oer sizze. Mar der sil in oantal jonges wêze dy't moandei net meidwaan kinne."

Trije wedstriden yn sân dagen is in hiele opjefte, sa seit de Cambuur trainer. "Ja dat is pittich. Mar dat binne we oer in pear moanne ek wol wer fergetten." Cambuur sjocht dat it boppe yn de ranglist yn inoar skoot. De Graafschap en Almere steane op fjouwer punten achter Cambuur. Henk de Jong sjocht dêr oars nei: "Wy binne de lêste trije wedstriden fjouwer punten útrûn op Almere. Sa tink ik der oer. Der is folsleine rêst yn de groep."

Basisplak foar Bangura

Mei it útfallen fan Sambissa is it dúdlik dat Alex Bangura syn plak as linksback oernimme sil. Hy wie yn de wedstriid tsjin Jong Ajax ek al de ferfanger fan Sambissa. Ek hy seit dat it rêstich is yn de groep, nettsjinsteande it puntferlies tsjin Jong Ajax. "De stemming is relaxed. Natuurlijk hadden we willen winnen."

Bangura sit al in skoft tsjin in basisplak oan, mar moat Sambissa hieltyd foar gean litte. Hoe is dat foar him? "Ik zit er dicht tegen aan, dat voel ik zelf ook. Het is lastig. Je wilt altijd spelen maar Sambissa is een goede concurrent. Ik probeer op de training aan de trainer te laten zien dat ik er ook nog ben."

Alex Bangura nei de lêste training

(Advertinsje)
(Advertinsje)