Sam Mebius (19) folbringt fytstocht tsjin diabetes, hast 25.000 euro binnen

Sam Mebius (19) fan It Hearrenfean hat syn fytstocht fan 200 kilometer nei Den Bosch folbrocht. Hy die dat om jild yn te sammeljen tsjin diabetes. In jier lyn krige hy te hearren dat er sels diabetes type 1 hat. Sûnt dy tiid feroare syn libben kompleet en no wol er it Diabetes Fonds helpe om fan diabetes in sykte te meitsjen dy't te genêzen is.
© facebook Sam Medius
Mebius stapte sneon om 05.00 oere op de fyts en ried fan It Hearrenfean nei Den Bosch, dêr't er om 19.00 oere oankaam. "Een zware en pittige tocht", lit er witte fia Instagram.
Mei syn fytstocht hat er yntusken hast 25.000 euro binnenhelle. De donearaksje rint troch oant it momint dat er de sjek persoanlik oerlangje kin oan it diabetesfûns.
Sam Mebius, doe't er ûnderweis wie nei Den Bosch