Protesten tsjin coronabelied op Saailân yn Ljouwert en by gemeentehûs Drachten

21 feb 2021 - 18:22

Undernimmers en de aksjegroep Viruswaarheid protestearje yn Ljouwert tsjin it coronabelied. Foar de ûndernimmers giet it om in spontane aksje, se hâlde in soarte fan picknick. It protest fan Viruswaarheid wie earder al oankundige.

Protesten op it Saailân yn Ljouwert

Neffens de ûndernimmers kin it sa net langer mei de maatregels en de lockdown fanwege it coronafirus. Se wolle sa gau mooglik wer iepen.

Auke Zeldenrust op it Saailân

Op it Saailân yn Ljouwert is it flink drok, mar gemoedlik. Der binne yntusken in pear hûndert minsken oanwêzich. Der is ek aardich wat plysje om de boel yn de gaten te hâlden. Ek roppe se de minsken op om oardel meter ôfstân te hâlden.

Ek yn Drachten

Foar it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten ha tsientallen minsken har sammele. Der binne flyers dellein mei de tekst 'heel Nederland gaat kapot met dit beleid'. Fierder binne der hûnderten skuon delset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)