Aris Ljouwert stelt doelstelling by: "We verdienen het niet om in de top zes te zitten"

21 feb 2021 - 13:08

It seizoen sette mei twa oerwinningen út de earste trije wedstriden sa goed útein foar Aris Ljouwert. De top seis nei de earste kompetysjehelte, wêrmei't play-offs om it lânskampioenskip feilichsteld binne, like in realistysk doel. Noch gjin moanne nei de lêste oerwinning stean de saken der hiel oars foar. De basketbalklup krige te meitsjen mei blessueres, in dissiplinêre skorsing en fiif ferliespartijen op rige mei as djiptepunt in nederlaach yn de alderlêste sekonde tsjin hikkesluter Apollo Amsterdam.

Yn dy wedstriid tsjin de Amsterdamske ploech, dy't dit seizoen noch alles ferlear mei in gemiddelde marzje fan 19,7 punten, koe coach Ferried Naciri foar it earst sûnt wiken wol wer beskikke oer Chad Frazier en Cedric Dedecker. De earstneamde trainde foar de wedstriid fan sneon noch mar ien kear mei en soe rêstich brocht wurde. Naciri wie mei in efterstân fan tsien punten yn it tredde kwart lykwols twongen om de Amerikaan yn te bringen.

"We willen wat voorzichtig zijn met hem, maar hij zei dat hij er klaar voor was de tweede helft en dat hij meer kon spelen. Dus toen hebben we dat ook gedaan", seit Naciri. Hy wie úteinlik goed foar alve punten en stie dêrmei oan de basis fan de comeback fan Aris.

Frustrearjend

Foar Dedecker siet in soad spyltiid der noch net yn. "Maar dat snap ik ook. Ik heb nog maar twee dagen meegetraind. Dus ik moet er weer helemaal inkomen", seit de Belgyske basketballer. "Maar zoals je kon zien zat ik vandaag nog niet in het ritme."

Dedecker siet him de lêste wiken nederlaach nei nederlaach te ferbiten op de bank. "Ik wil meehelpen om er iets aan te kunnen doen. Dat gaat dan niet en dat is zeer frustrerend", seit hy.

Skorsing

Boppe-op de blessueregefallen fan de ôfrûne wiken komt noch de ôfwezigens fan Craig Osaikhwuwuomwan, wêrtroch't Naciri de ôfrûne wiken op de training noch gjin tsien man op fuotten krije koe. Osaikhwuwuomwan is troch de klup foar de hiele moanne febrewaris dissiplinêr skorst. Oer de krekte details fan dy beslissing wol de klup gjin útspraken dwaan.

De personiele problemen wol Naciri lykwols net as ekskús oanfiere foar de resultaten fan de ôfrûne wiken. "De blessures misschien wel wat. Je mist je twee point guards, wat natuurlijk wel een verschil maakt", seit Naciri. Mar úteinlik hat it resultaat fan sneon dêr neffens him neat mei te krijen. "Ik vind van niet. Je kunt vandaag gewoon winnen. Je moet gewoon harder spelen."

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: Orange Pictures

It fûle spul is krekt wat Osaikhwuwuomwan brocht by de Ljouwerters. Se hiene de 2,11 meter lange center goed brûke kinnen tsjin Amsterdam. Naciri wol oer in gemis lykwols net prate. "Nee, want we kunnen met dit team gewoon winnen. Daar zijn geen excuses voor."

Oft Osaikhwuwuomwan noch weromkomt yn it shirt fan Aris is net dúdlik. "Dat zal de toekomst uitwijzen", seit Naciri. De klup sil ein dizze moanne mei de spiler om tafel.

Top seis

Mei noch fjouwer wedstriden te gean en in gat fan fjouwer punten mei nûmer seis Heroes Den Bosch is de winnerspûl sa goed as wis no út it sicht. "We verdienen het niet om in de top zes te zitten", is it hurde oardiel fan Naciri, dy't oan it begjin fan dit seizoen de top seis noch wol as doelstelling hie. "Je kunt niet zomaar iets zeggen en dan verwachten dat het zomaar komt. Dat hebben we niet kunnen laten zien, dus dan hoor je daar ook niet thuis en moeten we verder kijken."

Aris hopet fia de 'ferliezerspûl' noch wol de play-offs om it kampioenskip te heljen. Dêrfoar moatte se by de bêste twa fan de seis einigje. Coach Naciri kin om dat te beheljen dus yn elk gefal wer beskikke oer Frazier en Dedecker. "Het neemt wat druk af van Tim Hoeve, die heel veel heeft moeten spelen de laatste tijd. Ook op de training kunnen we weer met tien mensen trainen. Dat gaat ons wel een hoop helpen de komende weken", sa seit Naciri.

(Advertinsje)
(Advertinsje)