Eaststellingwerf freget ynwenners skea oan diken troch teiwaar te melden

21 feb 2021 - 09:24

De gemeente Eaststellingwerf freget minsken skea oan de diken te melden, dy't ûntstien is troch it teiwaar. Trochdat de snie en it iis fan ferline wike fuortteid binne, is der op in tal plakken skea ûntstien. De gemeente ferwachtet dat der noch mear oan it ljocht komt.

Foto: ANP

Eaststellingwerf hat yntusken al wat plakken oanpakt, om der foar te soargjen dat de diken sa feilich mooglik binne.

Minsken kinne de skea melde troch mei de gemeente te beljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)