Automobilist ramt parkearre auto's yn wenwyk Drachten

In botsing krekt nei middernacht hat foar in soad skrik en skea soarge yn de strjitte Vogelzang yn Drachten. In man ried dêr mei syn auto frontaal tsjin in parkearre auto oan. Dy botste op in oare parkearre auto, en dy tsjin noch wer ien.
© Srfotografie
Buertbewenners skrokken wekker fan de knal en bellen de plysje. De bestjoerder fertelde omstanners "dat dit niet in zijn planning lag voor vanavond".
De bestjoerder rekke net ferwûne. De plysje hat de man in blaastest dwaan litten, om te sjen oft der drank yn 't spul wie. In berger hat ferskate skansearre auto's ôffierd.