Basketballers Aris ferlieze yn lêste sekonde fan Apollo Amsterdam

20 feb 2021 - 21:42

De basketballers fan Aris ha sneontejûn teloarstellend ferlern fan Apollo út Amsterdam. Yn Ljouwert stie der nei 40 minuten basketbal 60-63 op it skoareboerd. Mei noch 1,1 sekonde op 'e klok wie it noch 60-60. Floris Versteeg wie úteinlik de man dy't foar de besikers de beslissende trijepunter makke.

Nei in senuweftich begjin fan beide kanten wie it úteinlik Aris dat as earste in lytse foarsprong pakte (11-5). Benammen Sjoerd Koopmans wie yn it earste begjin op dreef mei 7 punten op dat momint. De Ljouwerters koene de foarsprong fêsthâlde, oant der nei it earste kwart in tuskenstân fan 18-8 op it boerd stie.

Aris slagge der net yn om de foarsprong yn it twadde kwart grutter te meitsjen. It wie just Apollo dat mei sterk spul werom kaam yn de wedstriid, wylst de Ljouwerters hielendal neat klear spilen. Oan de hân fan Hicham Kherazzi giene de Amsterdammers sels mei in foarsprong (25-31) it skoft yn.

Buzzer beater foar Apollo

Ek nei it skoft wie it spul fan beide ploegen net goed. Der giene in soad frije worpen mis, en ek it persintaazje trijepunters dy't raak giene wie behoarlik leech. Oan de ein fan it tredde kwart wie Apollo sels útrûn (40-49).

Oan de hân fan Jean-Victor Mukama en Chad Frazier knokte Aris him werom yn de wedstriid. Mei noch fjouwer minuten te gean stie der 51-51 op it skoareboerd en wie alles wer mooglik. Yn in spannende slotfaze koe it beide kanten op. By in stân fan 60-60 wie it úteinlik in saneamde buzzer beater, in skot yn de lêste sekonde, fan Floris Versteeg dy't Apollo de oerwinning brocht.

Apollo hie oant no ta alle wedstriden ferlern dit jier. Aris bliuwt nei de nederlaach stean op twa oerwinningen.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)