8501Indie winner Friese Popprijs 2020; Cloudsurfers binne 'Beste Nieuwkomer'

20 feb 2021 - 21:07

De winners fan de Friese Popawards 2020 binne lang om let bekend. Sa giet de 'Friese Popprijs 2020' nei it muzykkollektyf 8501Indie fan De Jouwer. De award foar 'Beste Nieuwkomer 2020' wie foar de band Cloudsurfers.

De winners soene eins yn desimber al bekend makke wurde, mar doe koe it jierlikse evenemint fan Friesland Pop net trochgean fanwege de lockdown. Yn ferbân mei de coronamaatregels wie de útrikking digitaal. De optredens wiene yn it foar opnommen yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. Ek de útrikking fan de Bernlef Priis oan de band It Dockumer Lokaeltsje wie yn desimber opnommen en yn de montaazje ferwurke.

Neist de 'Friese Popprijs 2020' en de award foar beste nije artiest wiene der noch twa prizen. Sa gie de priis foar beste klip nei YannO x Puri x Adje mei it nûmer Loco. De priis foar 'Song van het jaar' gie nei de rappers Hiemstrowski & Vintouch mei harren nûmer Diepe Dalen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)