Al goed 2.000 minsken faksinearre op de Waadeilannen
GGD Fryslân hat yn de ôfrûne twa dagen sa'n 2.000 ynwenners fan de Waadeilannen yninte mei it coronafaksin. Freed waard allinnich noch op Skylge faksinearre, op It Amelân en Skiermûntseach wie de earste faksinaasjelichting doe al ôfrûne.
De ôfrûne wike hat de GGD 10.291 Friezen faksinearre, opfallend mear as foarige wike (4.265). Op It Amelân binne yn totaal 456 minsken faksinearre; op Skiermûntseach gie it om 365 minsken.
"Wy binne der hiel tefreden oer", fertelt Erik Vonk fan de GGD. Hy is as lokaasjehaad ferantwurdlik foar de faksinaasjes op de Waadeilannen. "De reeëns om te faksinearjen siet boppe de njoggentich persint. Je koene fernimme dat de minsken op de eilannen it belang ynseagen fan de faksinaasjes."
De folgjende lichting folget oer fiif wiken. Foar It Amelân is dat op 23 maart en op Skiermûntseach wurdt der op 24 maart prikt.
Erik Vonk fan de GGD fertelt oer de faksinaasjes op de Waadeilannen

RTV NOF
Dit is in artikel fan RTV NOF. De streekomrop fan Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel docht ferslach fan alles wat der bart yn dy gemeenten. Ek folgje se it nijs op It Amelân en Skiermûntseach. RTV NOF en Omrop Fryslân wurkje yntinsyf gear.