LDODK hurd ûnderút op besite by Groen-Geel

20 feb 2021 - 17:28

De kuorballers fan LDODK ha sneontemiddei ferlern fan Groen-Geel. Yn Wormer waard it 26-15 foar de thúsploech. By it skoft wie it ferskil twa punten yn it foardiel fan de thúsploech. Yn de twadde helte wie Groen-Geel oppermachtich en rûn fierder út. It wie foar LDODK alwer it tredde ferlies yn seis wedstriden.

Foto: Orange Pictures

LDODK kaam rap út de start wei. Al nei in pear minuten hiene se in lyts gat te pakken (0-2), mar Groen-Geel koe dat like rap wer omdraaie nei in lytse foarsprong (3-2). Beide ploegen wiene yn de earste helte net bysûnder skerp ûnder de koer en hiene muoite om de skoare oprinne te litten. Groen-Geel koe de foarsprong wol fêsthâlde, en gie úteinlik mei in lytse foarsprong (9-7) it skoft yn.

Yn de twadde helte seach LDODK de efterstân allinnich mar grutter wurden. Groen-Geel rûn út nei 16-9, en efkes letter sels nei 20-11. Dêrmei wie it duel dien foar LDODK.

Spanning yn pûl A

It duel tsjin Groen-Geel wie de sechsde wedstriid yn de Kuorbal League fan dit seizoen. De ploech út Wormer wie de earste tsjinstanner dy't LDODK foar in twadde kear tsjinkaam. It earste duel gie mei 23-18 nei LDODK.

Fanwegen it coronafirus is de Kuorbal League dit seizoen opdield yn twa pûls fan seis. De top fjouwer fan elke pûl pleatst har foar de play-offs om it lânskampioenskip. Yn de pûl fan LDODK, pûl A, is PKC koprinner mei 6 oerwinningen út 6 wedstriden. Dêrachter ha LDODK, Blauw-Wit, Groen-Geel en KZ allegearre 3 kear wûn en 3 kear ferlern.

Trainer Henk Jan Mulder oer de nederlaach

KUORBAL LEAGUE

STAN DUELS PUNTEN
1. PKC 6 12
2. Groen Geel 6 6
3. Blauw Wit (A) 6 6
4. LDODK 6 6
5. KZ 6 6
6. Oost-Arnhem 6 0
Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)