Fytser slim ferwûne nei botsing mei buske yn Appelskea

In fytser is sneontemiddei slim ferwûne rekke nei in botsing mei in buske yn Appelskea. Der is in traumahelikopter oproppen foar de fytser.
© Noordernieuws/De Vries Media
It ûngelok barde op de krusing Terwisscha mei de oprit N381 rjochting Hoogersmilde. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, kamen op it ûngelok ôf. De fytser waard behannele troch it ambulânsepersoniel en de traumadokter en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.
De dyk hat ôfsletten west yn ferbân mei it ûngelok. De plysje sil de oarsaak fan it ûngelok ûndersykje.