Follybalfroulju VC Snits oppermachtich tsjin Set-Up '65: 3-0

20 feb 2021 - 17:06

De follybalfroulju fan VC Snits ha sneontemiddei wûn fan Set-Up '65. It waard nei iets mear as in oere 3-0 foar de froulju út Snits, dy't folle better wiene dan de tsjinstanner út Ootmarsum. Setstannen wiene 25-15, 25-21 en 25-8.

Yn de earste set koe Set-Up '65 aardich meikomme. Healwei de set makke Snits it ferskil by in foarsprong fan 12-10. In pear goede punten letter stie it samar 17-10. Dat ferskil wie foar Set-Up net mear goed te meitsjen, en Snits rûn tsjin de ein fan de earste set sels noch fierder fuort.

De Snitser froulju hiene it gaspedaal fûn, en makken der yn de twadde set rap 8-1 fan. Dêrnei kaam der wol wat mear tsjinstân, it ferskil waard sels werom brocht nei 1 punt (22-21), mar in bedriging foar setwinst like it net. Benammen ek troch de opslach fan Nienke Tromp koe Snits tsjin de ein fan de set wer útrinne.

De tredde set wie der ien foar de statistiken. It ferset fan Set-Up wie fuort, en Snits koe de winst ienfâldich binnen helje.

Play-offs

De sterkste fjouwer ploegen stride yn de kampioenspûl om de lânstitel. VC Snits spilet noch twa duels: woansdei tsjin VCN, en sneon tsjin Talentteam Papendal. Beide wedstriden binne yn de Sneeker sporthal.

Earedifyzje Follybal froulju

Stân DUELS PUNTEN
1. Apollo 8 7 19
2. Sliedrecht 7 18
3. Eurosped 7 12
4. Zwolle 7 12
5. VC Snits 6 10
6. VCN 6 8
7. Talentteam 7 8
8. FAST 7 4
9. Set Up '65 8 2
Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)