Earste bewenners ferhûzje nei nije soarchstudio's fan Talant yn Dokkum

20 feb 2021 - 16:13

De earste bewenners ferhûzje dizze wike nei de nije soarchstudio's fan Talant oan de Hantumerweg yn Dokkum. Earder stie op dat plak de J.J. Boumanschool. Dat gebou waard sloopt en yn 2020 begûn de bou fan de 32 soarchstudio's. Talant hat syn âlde gebou oan De Omloop yn Dokkum ynruile, om't dy flats net mear funksjoneel blieken foar de kliïnten.

"We kijken zeer tevreden terug op dit project. Het hele proces verliep heel soepel en we hebben geen last gehad van bijzondere tegenslagen. Het is een bouw om 'u' tegen te zeggen", fertelt Henk van der Veen, projektlieder by Talant.

Grut ferskil

It ferskil mei de âlde lokaasje oan De Omloop is enoarm. "Eerst deelden acht bewoners één sanitaire unit met elkaar. Nu heeft iedere bewoner een eigen studio met een grote badkamer waar ze beschikken over een eigen wc en grote doucheruimte." Dat is neffens Van der Veen ideaal foar it soarchpersoniel, om't der no in dûsbrankaar yn de romte past.

In oare grutte foarútgong is it nije 'soarchdomoatikasysteem'. Dêrmei wurde ferskate sinjalen fan de bewenners oppikt en komme meldings binnen op ien smartphone fan de soarchferlieners. "De smartphone is het heilige middel van de zorgmedewerkers want ze kunnen de bewoners goed in de gaten houden. Stel dat er bijvoorbeeld iemand bij de voordeur staat, dan kunnen we op deze manier makkelijk er deur openen."

Ferhûzing yn coronatiid

Troch de corona soarget de ferhûzing fan de bewenners en de hiele ynboel foar krekt wat mear ynspanning as normaal. Om alles yn goede banen te lieden, wurdt der wurke neffens in draaiboek. Dochs rûn it proses yn it begjin wat minder rap as ferachte. "In december en januari hadden we te maken met een corona-uitbraak en daardoor moesten wij de verhuizing uitstellen. Maar nu zijn we dus echt los en deze week en volgende week zijn we druk bezig", seit Van der Veen.

Eltsenien hâldt him dêrby sa goed as mooglik oan it draaiboek en de regels. "Zo worden de taxi's waarmee we de bewoners vervoeren naar de nieuwe locatie aan de Hantumerweg continu schoongemaakt en komen zij niet in contact met de mensen die de inboedel verhuizen. Zij kruisen elkaar niet omdat ze een andere ingang gebruiken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)