Tal besmettingen yn Fryslân in bytsje nei ûnder, wol mear as gemiddeld

20 feb 2021 - 15:35

It RIVM meldt sneon 203 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 16 minder as freed. Doe wiene it 219. It is wol in stik heger dan gemiddeld, want de ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 166 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Ljouwert, mei 42. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (37) en Achtkarspelen en Smellingerlân (16).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om twa ynwenners fan Noardeast-Fryslân en ien út Achtkarspelen.

Der binne ek seis Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4604 nije coronagefallen meld. Dat is ek boppe trochsneed, want dat is dizze wike 3759.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)